Nieuws /
Boalsert – Yn gearwurking mei de Boalserter distillearderij de Stiekeme Stoker presintearre studinteferiening F.F.J. Bernlef út Grins ôfrûne freed 4 oktober har eigen lustrumlikeur. De Fryske studinten fiere it 19e lustrum fan harren feriening en yn it ramt dêrfan wurde der tal fan ludike, Fryske en feestlike aktiviteiten organisearre. It lustrumslokje is in echte Fryske amandellikeur. De namme fan it slokje is ‘Skroevedraaier’, passend by it tema fan it lustrum ‘Ut ‘e Skroeven’.
Foarôf fertelde Wiepie Oenema de leden fan Bernlef wiidweidich oer syn stokerij. Dêrnei wie it tiid om de ferskate likeuren dy’t de Stiekeme Stoker produsearret te priuwen.
Mei de ,bearenburch blues’ fan Piter Wilkens waard it in noflike middei by ,De Stiekeme Stoker’.
De feestlike dei waard muzikaal oanklaaid troch sjonger en trûbadoer Piter Wilkens, dy’t al jierren ferbûn is oan Bernlef.
Piter Wilkens sinjearret de earste ,Skroevedraaier’.
It besyk oan Oenema waard ôfsluten mei de offisjele presintaasje fan ‘Skroevedraaier’. Déanne Baak, foarsitter fan de lustrumkommisje, leit út: “Fryske studinten treffe inoar al 95 jier yn Grins, dizze ferbûnens is tige moai om te sjen en dêr meie wy grutsk op wêze”.
Piter Wilkens hat nei de presintaasje de earste flesse sinjearje en oerlange oan de foarsitter fan Bernlef, Anne Wil Bakker. Dizze flesse wurdt letter dit jier feild op in feilingsjûn dy’t organisearre wurdt troch studinten, de opbringst dêrfan giet nei it goeie doel.”
Wiepie Oenema ,de Stiekeme Stoker’ lit de earste flesse folrinne mei ,Skroevedraaier’.
De earste flessen fan de lustrumdrank waarden op ludike wize nei Grins brocht, nammentlik troch in fytstocht fan 95 kilometer yn estafettefoarm. Tsien koppels sille yn totaal 95 kilometer fytse om yn Grins ûntfongen te wurden troch de rest fan de feriening. De rûte gie ûnder oare troch Snits, Akkrum, Drachten en Oerterp.
‘Skroevedraaier’ is oankommend jier eksklusyf te krijen by Bernlef op sosjéteit ‘De Pizel’ oan de Túnstrjitte yn Grins.